Lars Harms yn ´e lândei fan Kiel
|
´Deenske´ politisy yn Fryslân
 26-08-2008 | 11:34 |
|
It Südschleswigscher Wählerverband, de partij fan de Deenske en Fryske minderheden yn Noard-Dútslân, is dizze wike op stúdzjebesite yn Fryslân. De SSW wol yn Fryslân sjen hoe´t je in minderheidstaal stypje kinne, seit lândeilid Lars Harms fan ´e SSW.
Yn Sleeswyk-Holstein prate noch sa´n 8.000 minsken Noardfrysk. De SSW´ers gean yn Fryslân op besite by de provinsje, de AFUK, Omrop Fryslân, de Fryske Akademy en by ´susterpartij´ de FNP.
De SSW sil meikoarten beslute oft se har wol of net oanslute by de Europeeske Frije Alliânsje, it Europeeske gearwurkingsferbân fan politike partijen fan minderheden. De SSW is mei twa leden fertsjinstwurdige yn de lândei (parlemint) fan Sleeswyk-Holstein yn Kiel. Anke Spoorendonk fertsjintwurdiget de Deenske minderheid, Lars Harms de Noardfriezen.
|