De Ofslútdyk: poergeskikt foar enerzjyopwekking
|
Ofslútdyk as enerzjyopwekker
 15-01-2008 | 12:07 |
|
De Ofslútdyk is poer geskikt foar it opwekken fan duorsume enerzjy. Dat kin wêze mei sinnepanielen, it
byinoar bringen fan swiet en sâlt wetter of mei in twadde dyk. Dat waard moandei dúdlik op it Provinsjehûs.
Saakkundigen prate der meiinoar oer yn opdracht fan steatssiktaris Tineke Huizinga fan Ferkear en Wettersteat.
Op 6 en 7 febrewaris binne der noch twa brainstoarmsessys yn Den Helder en Lelystêd.
Wubbo Ockels fan de Technyske Universiteit fan Delft is ien fan 'e sprekkers op 'e gearkomste. Fan him komt it idee fan in twadde Ofslútdyk dy't it wetterbassin benoarden de besteande dyk mooglik makket. Ferline wike wie der ek al sa'n gearkomste yn Frjentsjer, mar dy gie oer de natuer by de Ofslútdyk.
|