Van der Berg is al jierren foarstannerfan in dûbele spoarwei oer de Ofslútdyk
|
'Spoarline oer Ofslútdyk'
 09-01-2008 | 09:46 |
|
No't de Suderseeline net troch giet, moat it kompensaasjejild brûkt wurde foar in dûbele spoarwei oer de Ofslútdyk. Dat sei boargemaster Van der Berg fan Ferwerderadiel tiisdei yn syn nijjierstaspraak.
Van der Berg is al jierren foarstanner fan sa'n spoar oer de dyk. Dat is de helte goedkeaper as de Suderseeline wie en kin moai kombinearre wurde mei it opheegjen fan de dyk dat dochs al needsaaklik is.
Sa'n ûntwikkeling soe goed wêze foar Westergosône en dêrmei ek foar de wurkgelegenheid en wolfeart yn Ferwerderadiel, sa tinkt de boargemaster.
|