It affisje fan multimedia event Exposure
|
Nij HBO-fak NHL: lifehacking
 22-06-2007 | 16:34 |
|
It earste Lifehackingkongres fan it noarden luts freed yn Ljouwert in soad minsken. Lifehacking is in mjuks fan ynformaasje- en tiidmanagement, kombinearre mei saken as Web 2.0 en persoanlike ûntwikkeling. It doel fan lifehacken is mear dwaan yn minder tiid en mei minder stress.
De NHL sil it kommende stúdzjejier as earste oplieding fan 'e wrâld kolleezjes lifehacking oanbiede. Martijn Aslander is de earste dosint.
De kolleezjes lifehacking binne yn earste ynstânsje bedoeld foar de studinten Communication en Multimedia Design(CMD), mar haad Albert Sikkema fan dy oplieding tinkt dat de kolleezjes ek nijsgjirrich binne foar oare doelgroepen yn en bûten de NHL. Op it Lifehacking-kongres kamen njonken Martijn Aslander ek oare lifehacking-saakkundigen oan it wurd lykas Taco Oosterkamp, Lykle de Vries en Frank Meeuwsen. It Lifehacking-kongres wie ûnderdiel fan de manifestaasje Exposure07-festival, dat organisearre wurdt troch studinten fan 'e NHL.
|