It is de lêste wedstryd fan de SKS, hjoed wurdt bekend wa't de kampioen wurdt fan 2010. Fanôf it Starteilân is de wedstryd it bêste te folgjen foar taskôgers. Omrop Fryslân sit der mei de noas boppe-op. Harkje oerdeis nei de radio foar it ferslach fan Sippy Tigchelaar en Klaas Jansma en sjoch jûns nei it Skûtsjesjoernaal op 'e tillevyzje foar in petear mei de kampioen.
De skútsjes binne om 14.10 oere starten by Snits. It Huzumer skûtsje leit oan kop en dy hat dus in fantastyske start, Wâldsein folget op in twadde plakje. Snits hat op eigen wetter in minne start. It kin alle kanten noch út mei de folchoarder.De Jouwer liet yn it begjin al in protestflagge wapperjen.
Wâldsein hie in goeie start en is as earste by de hege tonne. Huzum is ferrassend twadde. Auke de Groot fan de Sûdwesthoeke sit Huzum op 'e kont en leit tred. Dan folget in hiele rige skûtsjes: Grou, Boalsert, It Hearrenfean, De Jouwer, Earnewâld.
De folchoarder feroaret om de 5 minuten, de wyn twirret alle kanten út wêrtroch't de skûtsjes dy't earst yn de top trije sieten no in pear plakjes sakke binne. Wâldsein, Huzum en de Súdwesthoeke leinen ien, twa en trije, mar binne no fuortsakke.Snits leit op eigen wetter noch altyd yn de achterste regioanen.
1. Boalsert, 2. Wâldsein, 3. Súdwesthoeke, 4. Langwar, 5. De Jouwer, 6. Grou, 7. Huzum. Fan de oare skûtsjes is net goed te sjen wêr't se lizze.Huzum is yn elk gefal in tal plakken sakke.
Boalsert leit oan kop, folge troch it skûtsje fan de Súdwesthoeke. Tred is De Jouwer, fjird is Wâldsein. Wâldsein lei achteroan, mar sylt stadichoan mear nei foaren. It skûtsje fan Langwar sylt der tuskentroch en leit fyfde.Sechsde is De Lemmer, sânde Huzum, achtste it Hearrenfean. Huzum dy't earst foaroan lei, leit no yn de sturt.De wyn wurd wat rêstiger, wêrtroch't it wedstriidfjild oersichtliker wurdt.
Boalsert leit nog altyd oan kop en kin de kopposysje behâlde. De Súdwesthoeke leit twadde folge troch De Jouwer. Mar se lizze ticht by inoar. De middenmoat wurdt foarme troch De Lemmer, Wâldsein, Langwar, Hearrenfean en Huzum.
Boalsert hat de lêste SKS-wedstriid wûn by Snits. De Jouwer waard nipt twad, folge troch de Súdwesthoeke. d'Heale Moanne waard hjoed lêste. It Hearrenfean waard fyfde en is kampioen wurden fan de SKS 2010.It Hearrenfean koe yn it klassemint net mear ynhelle wurde. De Jouwer is twad wurden en Snits tredde. Huzum waard by Snits njoggende, mar is as lêste einige yn it klassemint.
Fjirtjin skippers út ferneamde skippersgeslachten geane mei harren bemanning op harren skûtsjes de striid mei-inoar oan. It bestjoer fan de SKS sjocht derop ta dat de skippers foarâlden hawwe dy't yn it ynterbellum as skipper harren brea fertsjinnen.
BOALSERT – Nei fyftjin jier skipper west te hawwen fan it skûtsje fan Boalsert, joech Eldert Meeter yn 2007 it stokje troch oan syn 36-jierrige soan Pieter. Pieter mei njoggen jier farre op de Boalsert en dan is de oare soan, Siete, oan bar. Hy wol earst noch by de IFKS farre. Pieter Meeter sit mei syn heit yn rûnfeartsaken: de Frisian Queen by Akkrum. Neist farre mei Pieter graach iten siede foar safolle mooglik minsken. Boujier: 1910Tonnaazje: 43Lingte: 19.48 m.Bridte: 3.63 m.Holte: 1.22 m. Djipgong: 0.44 m.
DRACHTEN – Albert Visser waard skipper fan Drachten yn 2003. Albert is de broer fan Douwe Visser, dy’t mei it skûtsje fan Snits fart. Albert Visser wennet leaver op in boat dan yn in hûs. Boujier: 1913Tonnaazje: 44Lingte: 19.34 m.Bridte: 3.54 m. Holte: 1.17 m.Djipgong: 0.42 m.
DRACHTEN – Yn 2010 debutearret de 41-jierrige Jacob Zwerver op d'Heale Moanne. Hy nimt it helmhout oer fan Jitze Mink, dy't sûnt 2007 de skipper wie. Mink joech yn 2009 oan syn wurk en gesin net mear kombineare te kinnen mei it skûtsjesilen. Zwerver komt út Akkrum en is stjoerman op in binnenfearttenker. Hy is de soan fan Ale Zwerver, dy't foarhinne skipper wie op it Lemster Skûtsje en Eke Brouwer. Sawol syn heit as syn mem komme út in skipperslaach. Jacob Zwerver is al sa'n 27 jier aktyf binnen de SKS, wêrfan de langste tiid by syn heit op it Lemster Skûtsje, mar ek by syn omke Tjitte Brouwer op it skûtsje fan Langwar. d'Heale Moanne is it iennige skûtsje dat net by in stêd of doarp heart, mar by in bedriuw: it skûtsje is fanâlds fan Philips. Boujier: 1912 Tonnaazje: 36 Lingte: 19.39 m. Bridte: 3.52 m. Holte: 1.12 m. Djipgong: 0.43 m.
EARNEWALD – Skipper Gerhard Pietersma komt út Goutum en stiet sûnt 2004 oan it helmhout fan de Twee Gebroeders. Earder hie er op de Sneker Pan syld. Yn it deistich libben is Gerhard skipper fan it Fryske Steatejacht. Yn 2011 sil er oerstappe op it skûtsje fan Langwar. Boujier: 1930 Tonnaazje: 44 Lingte: 19.44 m. Bridte: 3.65 m. Holte: 1.13 m. Djipgong: 0.40 m.
GROU - Yn 2005 waard de yn Snits wenjende Douwe Visser skipper fan it skûtsje fan Grou. Hy folge Berend Mink op (de broer fan Jitze Mink dy't op d' Heale Moanne fart) en sylde earder op it skûtsje fan Drachten. Douwe Visser is de neef fan de skipper fan de Sneker Pan. Visser is skipper fan berop en hâldt derfan op grutte kontenerskippen te farren. Boujier: 1909 Tonnaazje: 36 Lingte: 19.36 m. Bridte: 3.63 m. Holte: 1.14 m.Djipgong: 0.43 m.
IT HEARRENFEAN - Pieter Brouwer makke al langer diel út fan de bemanning fan de Gerben van Manen, mar waard yn 2004 skipper fan it skûtsje. Earder wie Brouwer skipper fan it skûtsje fan Earnewâld. Fan berop is de Wergeaster skipper op 'e binnenfeart. De Brouwers farre al sûnt 1968 op de skûtsjes fan de SKS. Brouwer stiet bekend om syn grutte mage. Oant 2000 wie it skûtsje autentyk. It skûtsje is dêrnei 43 sintimeter langer makke. De namme fan it skûtsje ferwiist nei de Drachtster arsjitekt, dy't him ynsetten hat foar it behâld fan it skûtsjesilen. Boujier: 1915 Tonnaazje: 45 Lingte: 19.45 m. Bridte: 3.74 m. Holte: 1.14 m.Djipgong: 0.43 m.
HUZUM - Dit jier (yn 2009) wurdt Loadewyk Meeter nei alve jier oan it helmhout, opfolge troch Eildert Kzn. Meeter. De Meeters binne in ferneamd skippersgeslacht, syn pake Loadewyk Meeter waard troch de gânske skûtsjewrâld 'pake Loadewyk' neamd. Neffens de statuten moat de skipper in Meeter wêze. Eildert is mei syn 28 jier de jongste skipper fan de SKS. Eildert is in efterneef fan Pieter Meeter (Boalserter Skûtsje), in neef fan Johannes Meeter (de nije skipper fan de Lemmer) en in omkesizzer fan Jappie Meeter fan it Ljouwerter skûtsje. Loadewyk Meeter joech as reden fan fertrek de tsjinfallende risseltaten. De heechste notearing dy't er helle yn syn tiid as skipper wie in tsiende plak, yn 1997 en 1998. It Doarp Huzum hat yn de winter fan 2000-2001 in orizjinele roefbetimmering krigen. Yn it foarjier fan 2002 krige it skûtsje in nije mêst. Boujier: 1916 Tonnaazje: 45 Lingte: 19.48 m. Bridte: 3.64 m.Holte: 1.17 m.Djipgong: 0.43 m.
DE JOUWER - Dirk Jan Reijenga fan de Lemmer makke yn 2007 syn debút op de Oeral Thús, wêrby't hy it helmhout oernaam fan Tjitze Grondsma. Sûnt de komst fan Eildert Meeter op it Huzumer skûtsje is hy mei syn 32 jier net langer de jongste. It bestjoer fan de SKS hat gjin beswier makke, mar de foarâlden fan Reijenga wiene yn dizze ieu gjin skipper (mar timmerman en postrinder). Syn oerpake wie lykwols wol skipper, mar dy wie te betiid motoriseard. Yn it deistich libben wurket Reijenga op kantoar by de skipsboutechnyk. Boujier: 1923 Tonnaazje: 50 Lingte: 19.30 m. Bridte: 3.95 m. Holte: 1.15 m.Djipgong: 0.38 m.
LANGWAR - In oar skûtsje en in oare skipper yn 2010. Skipper Anne Tjerkstra joech yn 2008 nei fiifentweintich jier silen oan dat er der mei ophâlde soe. Jeroen Pietersma hat him foar in jier opfolge. Yn 2010 wurdt it hemhout oernaam troch Ulbe Brandsma, de pakesizzer fan Ulbe Zwaga. Ulbe is de soan fan Geeske Zwaga, dy't wer troud is mei... Anne Tsjerkstra. Yn 2010 wurdt der syld mei in oar skûtsje, nammentlik de Ut de Striid fan Jacob Huisman. De kommisje fan Langwar is mei-eigner fan dit skûtsje. Dit skûtsje is flugger dan it oare skûtsje, al binne der kritisy dy't der oars oer tinke. It is yn elts gefal in stik minder swier. Boujier: 1910 Tonnaazje: 37 Lingte: 19.48 m. Bridte: 3.44 m. Holte: 1.15 m.Djipgong: 0.38 m.
LJOUWERT – Neidat Ulbe Zwaga yn 2007 opstapte as skipper fan de Rienk Ulbesz om slaanderij op it Starteilân, naam syn adviseur Jappie Meeter de lieding oer it skûtsje oer. Meeter wie earder al aktyf as skipper by de IFKS en is de soan fan de ferneamde 'pake Loadewyk'. Hy komt út de Westerein. Yn it deistich libben leit Meeter badkeamers oan: 'Ja, ik hâld fan wetter.' It skûtsje waard fûn yn Amsterdam, dêr't it lei as wenboat. Boujier: 1915 Tonnaazje: 45 Lingte: 19.50 m. Bridte: 3.82 m. Holte: 1.15 m. Djipgong: 0.38 m.
STARUM - Auke de Groot folge yn 2008 skipper Meindert de Groot op as skipper fan de Súdwesthoek. Auke, dy't berne is yn 1970, wie tsien dagen âld doe't hy foar it earst mei heit Meindert en mem Holk op in skûtsje sylde. Auke is yn 2009 25 jier bemanningslid fan de Súdwesthoek. Yn it deistich libben is De Groot skipper op 'e binnenfeart. De Groot is troud mei Diana Meeter. Boujier: 1923 Tonnaazje: 50 Lingte: 19.48 m. Bridte: 3.87 m. Holte: 1.10 m. Djipgong: 0.38 m.
WALDSEIN - De namme Van der Meulen is fêst ferbûn mei it skûtsje fan Wâldsein. Net allinne bestiet in grut part fan de bemanning út Van der Meulens, ek de skippers hiene allegear dizze efternamme. Sûnt it jier 2000 is Ype van der Meulen de skipper fan dit skûtsje. Ype is skipper fan berop. Boujier: 1911 Tonnaazje: 45 Lingte: 19.50 m. Bridte: 3.69 m. Holte: 1.15 m. Djipgong: 0.40 m.
DE LEMMER - Yn 2009 folge Johannes Meeter Ale Zwerver op as skipper fan it Lemster skûtsje. De 37-jierrige binnenfeartskipper wennet op 'e Lemmer en sylde de ôfrûne twa seizoenen yn de SKS as adviseur oan board fan it Boalserter skûtsje. Hy stamt út in âld skûtsjeskippersfaach, want hy is de soan fan Hidzer Meeter, âld-skipper fan Earnewâld. En hy is de pakesizzer fan de âlde Loadewyk Meeter (sjoch ek by it Doarp Huzum). Johannes Meeter waard berne yn Snits, op 5 juny 1971. Meeter brocht syn jeugd troch oan board fan it binnenfeartskip fan syn âlders en op 'e Lemmer, dêr't hy wenne yn it skippersynternaat. Ek de bemanning fan it skûtsje komt foar it grutste part fan 'e Lemmer. Yn it foarjier fan 2004 waard it Lemster skûtsje trochseage en ferlingd. Neffens berekkenings koe dêrmei in winst yn faasje fan inkele prosinten helle wurde. Boujier: 1930 Tonnaazje: 45 Lingte: 19.48 m. Bridte: 3.62 m. Holte: 1.17 m. Djipgong: 0.38 m.
SNITS - De SKS-winner fan 2007 en twadde yn 2008 is fan berop binnenfeartskipper. Hy hat in grutte reputaasje op skûtsjemêd. It skûtsje waard yn 1992 mei 1,30 m ferlingd, wêrmei't de winkânsen fergrutte waarden. Dat die ek bliken: de lêste jierren sylt de Sneker Pan meastens yn de top fan it klassemint mei. Boujier: 1913 Tonnaazje: 41 Lingte: 19.49 m.Bridte: 3.56 m. Holte: 1.06 m.Djipgong: 0.39 m.
Ek dit jier docht Omrop Fryslân op ferskate wize ferslach fan it Skûtsjesilen fan SKS en IFKS. Op radio, tillevyzje en ynternet komme jo alles te witten oer it SKS Skûtsjesilen fan 2010.