Sneon 14 augustus

De lêste wedstriid fan it IFKS-skûtsjesilen én de lêste wedstriid dy't dit jier live ferslein wurdt troch Omrop Fryslân. Op radio en ynternet wurde jo live op 'e hichte holden fan de lêste ûntjouwings, op tillevyzje wurdt jûn by it Skûtsjesjoernaal werom sjoen op it IFKS-silen fan 2009.

14:10 Utstelde start

De rattesturt is te sjen by it startskip, dat betsjut dat de start útsteld is. Dit troch in gebrek oan wyn. By de lytse A wiene mar trije skûtsjes op tiid binnenkaam, dus by de grutte A wurdt wachte oant de wyn wat mear oanhellet.

14:37 Skiftsjende wyn

It is frjemd silen mei de wyn dy't alle kanten wat op giet. Tony Brundel en Siebo Zijsling ha in goede start. Dochs leit Henk Regts op in earste plak, folge troch Brundel. Delmer Los giet hiel stadich. Jelle Talsma leit hielendal yn 'e efterein. Om kampioen wurde te kinnen moat Talsma hjoed fiif plakken foar Delmer Los einigje.

14:55 Delmer Los sakket ôf

It is hiel licht waar, der is hast gjin wyn. Delmer Los lei in skoft op in twadde plak, mar is krekt ynhelle troch Tony Brundel, Jeroen de Vos en Siebo Zijsling. Hy leit no fyfde.

15:10 Gateronding

It is noch net hielendal dúdlik wat de konsekwinsjes binne, mar Delmer Los is in bytsje ôfsakke. Om't de skûtsjes krekt in gateronding hân ha wie der net goed te sjen wat de folchoarder is. Yn de foarein yn elts gefal Tony Brundel, Henk Regts, Jeroen de Vos, Martin Vlasbloem en Siebo Zijsling.

15:32 Wikselingen

It is net hielendal dúdlik wat de folchoarder is om't de wyn ferskuorrend skiftet. Yn 'e foarein yn elts gefal: Tony Brundel, Siebo Zijsling, Jeroen de Vos, Jelle Talsma, Henk Regts en Delmer Los. Yn de efterein: Cees Riezebosch, Siete Meeter, Walter de Vries, Freddy van der Heide en Robert de Jong.

15:45 Jelle Talsma op kop

Frjemde feroaringen yn de wedstriid - Jelle Talsma leit no op kop, folge troch Delmer Los.

15:53 Ofkoartflagge hinget der yn

Mei wikseljend Jelle Talsma en Delmer Los op kop, is de ôfkoartflagge der yn hongen. De finish leit der hast yn, mar it is hast wis dat Jelle en Delmer Los de kampioen wurde fan de Grutte A yn 2010.

15:55 Delmer Los kampioen IFKS

Jelle en Delmer Los binne sneon kampioen wurden fan de Grutte A-klasse fan it IFKS Skûtsjesilen. Se wisten ek by de lêste wedstriid as earste te einigjen. Jelle Talsma waard twadde, Michiel Kalsbeek tredde. Yn totaal ha de bruorren Los yn dizze kompetysje fiif wedstriden wûn. Talsma, de kampioen fan ferline jier, makke ek kâns op de kampioenstitel. Hy koe lykwols Delmer Los net de fiif plakken foarbliuwe dy't dêr foar nedich wiene. Henk Keizer, Robert de Jong en Cees Riezebos sille degradeare nei de Lytse A.

 Wedstriidferslach Klaas Jansma

Mear ynformaasje

Sjoch Skûtsjesjoernaals werom
Ynterview mei Sippy en Klaas

Sjoch Skûtsjesjoernaals werom

Yn it lêste Skûtsjesjoernaal fan it jier wurdt der altiten noch in gearfetting jûn fan de wedstriden dy't west ha. Sjoch dizze Skûtsjesjoernaals hjir wer werom.

Jelle Talsma en syn bemanning yn 2009
Jelle Talsma en syn bemanning yn 2009

Lêste Skûtsjesjoernaal IFKS 2009

Debutant Jelle Talsma pakte mei syn skip De Jonge Jan ek de kampioenstitel fan de A-klasse. By de lêste IFKS-wedstriid kaam er as fjirde oer de finishline. Dit wie trije plakken foar syn konkurrint Delmer Los. Bysûnder is dat Talsma yn twa jier opklommen is fan de C-klasse nei de kampioensklasse.

It wie in tige spannende finale. Mei ien punt ferskil striden Delmer Los en debutant Jelle Talsma om de titel fan kampioen.

 Lêste Skûtsjesjoernaal IFKS 2009

Lêste Skûtsjesjoernaal IFKS 2008

Mei fiif kânshawwers op it kampioenskip fan it IFKS-skûtsjesilen, wie it Tony Brundel dy't ek yn 2008 wer de sege pakte.

 Lêste Skûtsjesjoernaal IFKS 2008
De Goede Verwachting
De Goede Verwachting

Lêste Skûtsjesjoernaal IFKS 2007

Walter de Vries, skipper fan de Goede Verwachting fan Sleat waard kampioen fan it IFKS fan 2007. Tony Brundel wûn de lêste wedstryd en bemachtige sa in poadiumplak. Foar De Vries wie it foar it earst dat hy it IFKS wûn.

 Lêste Skûtsjesjoernaal IFKS 2007
Tony Brundel wint wer
Tony Brundel wint wer

Lêste Skûtsjesjoernaal IFKS 2006

It IFKS Skûtsjesilen waard ek yn 2006 wûn troch Ton Brundel.

 Lêste Skûtsjesjoernaal IFKS 2006
Tony Brundel
Tony Brundel

Lêste Skûtsjesjoernaal IFKS 2005

Tony Brundel fan de Gastmer wûn yn 2005 it IFKS Skûtsjesilen yn de klasse A-grut.

 Lêste Skûtsjesjoernaal IFKS 2005

Lêste Skûtsjesjoernaal IFKS 2004

Jeroen de Vos waard mei de ‘Eelkje II’ yn 2004 kampioen fan de A-grut. As frachtskip hat de ‘Eelkje II’ earder op de line Dokkum - Ljouwert fard en doe stie it al bekend as in hurd farrend skip.

 Lêste Skûtsjesjoernaal IFKS 2004

Skûtsjesilen IFKS

Dit jier is it IFKS Skûtsjesilen fan 7 oantemei 14 augustus. Mear as sechtich skûtsjes geane de striid oan yn de Grutte A, lytse A, B en C klasse.Omrop Fryslân is der fansels dit jier wer by om de wedstriden te ferslaan. Oerdeis op 'e radio, jûns op 'e tillevyzje.

Harkje live Harkje live Sjoch live Sjoch live
Taal
Wurdlist   Nederlânsk   Ingelsk  

Kalinder

 
mo ti wo to fr sn sn
303112345
6789101112
13141516171819
20212223242526
27282930123
45678910
< foarige | folgjende >
© 2010 Omrop Fryslân