|
Frysktalige single
Om hjir safolle mooglik bekendheid oan te jaan hat de ôfdieling skoaltelevyzje it inisjatyf nommen om, tegearre mei de rockband Van Wieren, in Frysktalige single op te nimmen (sjoch: www.vanwieren.nu). Sjonger Robbie van Wieren skreau de tekst, de band komponeerde de muzyk en presintatrise Marieke Swart waard taheakke as gastsjongeres (sjoch: www.witwat.nl). Sa ûntstie it liet ‘Dyn Eagen’, wêryn’t troch de eagen fan in famke sjoen wurdt nei de traumatyske gefolgen fan oarlochshannelingen, en tagelikertiid besletten wurdt ‘de eagen te iepenjen’ en de altyd oanwêzige hope en ljochtpuntsjes troch te jaan.
|