No op 'e radio:  
No op 'e televyzje:  
Web: De OMROP op YouTube - FRL_Toan

De Omrop op YouTube

Fan novimber 2007 ôf is Omrop Fryslân no ek te finen op YouTube, de ynternasjonale webside dy't brûkt wurdt foar it online setten fan fideofilmkes. Omrop Fryslân hat in eigen kanaal iepene op de populêre website YouTube. Op dit kanaal publisearret de omrop in seleksje fan reportaazjes fan Omrop Fryslân televyzje. Dat kinne nijsitems wêze, mar ek reportaazjes út Boppeslach, ûnderdielen fan tv-programma Hea, filmkes fan it programma K-rûte of sels stikjes fan dokumintêres. http://www.youtube.com/omropfryslan

Yn gearwurking mei YouTube

De omrop hat dit kanaal opset yn gearwurking mei it bedriuw YouTube. It bedriuw YouTube (tsjintwurdich ûnderdiel fan Google) wol graach gearwurkje mei publike omroppen en beskôget Omrop Fryslân as ‘content partner’. Njonken www.youtube.com/omropfryslan binne ek de kanalen www.youtube.com/klipkar en www.youtube.com/noardewyn aktyf. De lêste twa kanalen binne yn it libben roppen foar Fryske fideoklips en foar opnames fan radioprogramma Noardewyn. YouTube lûkt alle moannen rûchwei sa’n 20 miljoen besikers, dy’t meiïnoar 100 miljoen filmkes deis besjogge. Der wurde alle dagen 65.000 filmkes upload.

 De Omrop op YouTube
Taal
Wurdlist   Nederlânsk   Ingelsk  

Advertinsjes

Chevroletstunt
 
© 2010 Omrop Fryslân
Friesland Post
Groots met een zachte G
Bestel hjir de cd fan Griet Wiersma!
Fryslân 4 War Child
Bestel hjir de debút CD fan Die Twa