|
Mear oer Speak
Speak is in digitaal kommunikaasjeburo en spesjalisearre yn websites, narrowcasting, ynteraktive screensavers, touchscreens, mobile tapassings en oare foarmen fan digitale kommunikaasje. Dat alles op basis fan it eigen ‘Speakpoint multichannel CMS’. Boppedat is Speak sparringpartner op it gebiet fan ynternet marketing en konversje.
Omrop Fryslân en Speak wurkje sûnt 2007 gear op it mêd fan digitale media. Earder tekene Speak al foar de technyske realisaasje fan de website fan Omrop Fryslân, dat foarsjoen is fan in folslein Frysktalich Content Management System. Mei dat behearplatfoarm ûnderhâlde de redakteuren fan de omrop net allinne de website, mar ek de weblogs, de deistige e-mail nijsbrief, de nijs-ticker op Dei-tv, rss-feeds, en de eigen teletekstservice Fryslân Text.
|