PDA Omrop Fryslân
PDA Omrop Fryslân

De Omrop op 'e PDA

Fryske nijs wrâldwiid te folgjen op mobile site Omrop Fryslân.

It nijs, it waarberjocht fan Piet Paulusma en de Simmer yn Fryslân-eveneminten binne dit jier wrâldwiid te folgjen fia de mobile tillefoan. As je by it wrâldkampioenskip fuotbal yn Súd-Afrika binne, op de strannen fan de Grykse eilannen lizze, yn Grou by it skûtsjesilen sjogge, of by de PC yn Frjentsjer it keatsen folgje. je kinne mei de help fan de mobiele tillefoan rjochtstreeks op de hichte bliuwe fan it Fryske nijs.

Dat is mooglik wurden trochdat Omrop Fryslân de mobile site flink fernijd hat. Troch in tal oanpassings oan de site m.omropfryslan.nl is it fan no ôf mooglik om fia de measte moderne mobile telefoans it nijs yn Fryslân te folgjen. It giet net allinne om it lêzen fan de nijsberjochten, of it waarberjocht, mar op de nijste mobile telefoans kin ek nei de radioprogramma's harke wurde. Mei in till telefoans kin ek it Fryske televyzjeprogramma Hjoed besjoen wurde. Dat wurdt alle dagen op de site set. Op it stuit wurdt noch wurke oan de ûntwikkeling fan de applikaasje foar mear mobile tillefoans.

yn binnen- en bûtenlân

Minsken dy't in mobile telefoan mei in ynternetabonnemint hawwe, kinne yn Nederlân faak fergees nei de site sjen. Yn it bûtenlân binne je ôfhinklik fan de kosten dy't de eigen provider yn rekken bringt. Op in soad kampings en yn in grut tal hotels is yntusken faak lykwols WiFi beskikber en dat betsjut dat de kosten beheind bliuwe.

 

Omrop Fryslân is al sûnt in pear jier aktyf op de mobile platfoarms. Alle moannen wurdt de site tsientûzenen kearen besocht fia in mobile site. Sûnt ferline jier hat Omrop Fryslân ek in spesjale applikaasje foar de iPhone. Ek dy applikaasje wurdt fernijd. Dêrtroch wurdt it mooglik om ek fia de iPhone nei it nijs te sjen, radioprogramma's te harkjen of it aktuele waarberjocht fan Piet Paulusma te besjen. De mobile site fan Omrop Fryslân is te finen fia pda.omropfryslan.nl.

 Sjoch op de mobile omropsite
© 2010 Omrop Fryslân
Afûk
Tryater
Open dag Leeuwarden o.i.m.
Lekker bûten ite
Flaeijelfeest