Aginda |
Rjochts sjogge jo in oersjoch fan eveneminten fan hjoed. Meitsje in seleksje hjirûnder om oare eveneminten op te freegjen.
|
|
|
|
|
Agindatips fan Hjoed
Freed 12 maart |
 |
Riddersporen & kloostermoppen |
 |
| It_Hearrenfean, Museum Willem van Haren |
| De útstalling 'Riddersporen en Kloostermoppen' jout ynformaasje oer de midsieuske histoarje fan de 'Ridderlijke Duitsche Orde'. Der is spesjaal omtinken foar it kleaster fan dizze oarder yn Aldskoat. Fan 13 febrewaris oant 12 april yn museum Willem van Haren oan de Minckelersstrjitte 11 op It Hearrenfean. |
 | www.willemvanharen.nl |
|
 |
'Foar dy' (tasse-eksposysje) |
 |
| Ljouwert, Bibleteek |
| Fan 22 febrewaris oant 22 maart 2010 is yn de bibleteek oan 'e Wurdumerdyk yn Ljouwert, in bysûndere tasse-eksposysje te sjen. Corita van der Veen en Joke Stapensea hawwe har foar it meitsjen fan dizze tassen ynspireare litten troch ferneamde Fryske froulju út it ferline (Marijke Meu, Foekje Dillema, Albertine Agnes ensfh.). |
 | www.foardy.com |
|
 |
'Vergankelijkheid in olieverf' |
 |
| Feanwâlden, Skierstins |
| Fan 27 febrewaris o/m 28 maart 2010 rint yn de Skierstins yn Feanwâlden de eksposysje 'Vergankelijkheid in olieverf'. Mei 'stillevens' en ynterieurs fan Bert van der Meer en Rob ter Horst. |
 | www.schierstins.nl |  | www.bertvdmeer.nl |
|
 |
Eksposysje 'Huize het Gras' |
 |
| Ljouwert, Tresoar |
| Teigetje & Woelrat (Willem Bruno van Albada en Hendrik Lambertus van Manen), de freonen fan Gerard Kornelis van het Reve, iepenje op 7 maart 2010 om 15.00 oere yn Tresoar yn Ljouwert in foto-útstalling oer har Greonterper jierren. De foto's, makke tusken 1963 en 1975, beljochtsje it libben fan 'e skriuwer yn dizze perioade. De útstalling rint oant 15 maaie. |
 | www.tresoar.nl |
|
 |
Eksposysje 'skuon' |
 |
| Warkum, Jopie Huisman Museum |
| 'Skuon' steane dit jier sintraal yn it Jopie Huisman museum yn Warkum. 27 febrewaris lêstlyn is hjir in duo-útstalling iepene mei skuon fan skuonne-ûntwerper Jan Jansen en tekeningen en skilderijen fan Jopie sels (mei fansels skuon as tema). De eksposysje rint o/m 29 augustus 2010. |
 | www.jopiehuisman.nl |
|
 |
Teaterfestival "It Brûst" |
| Fryslân, Njoggen ferskillende lokaasjes |
| Fan 25 febrewaris oant en mei 25 april komt Tryater yn sted en doarp mei it teaterfestival 'It Brûst'. Op njoggen lokaasjes (Makkum, It Hearrenfean, Boalsert, Akkrum, De Gordyk, Ljouwert, Frjentsjer, Balk, Drachten) wurde trije foarstellings opfierd: Diplodocus Deks, Moof en Dixi. Mear ynformaasje is te finen op de website. |
 | www.tryater.nl |
|
 |
Koor v.d. Dom van Kaliningrad |
| Fryslân, De Jouwer, Balk, Jorwert, Hegebeintum |
| It 'Koor van de Dom van Kaliningrad' fersoarget de kommende tiid in tal konserten yn Fryslân: 9 maart om 19.30 oere yn de Hobbe van Baerdt tsjerke op 'e Jouwer , 12 maart om 19.30 oere yn It Breahûs yn Balk, 21 maart om 15.00 oere yn de Radboudtsjerke yn Jorwert en 4 april om 16.00 oere yn de tsjerke yn Hegebeintum. |
 | www.koorkaliningrad.com |
|
 |
It Brûst |
| Boalsert, Marne Teater |
| Fan 10 o/m 13 maart stiet Tryater mei it teaterfestival 'It Brûst' yn it Marne teater yn Boalsert. Alle jûnen binne der opfierings fan de foarstelling Diplodocus Deks en sneontemiddei steane de foarstellings 'Moof' en 'Dixi' op 'e wurklist. Fierder is der noch in râneprogramma mei allerhande oare aktiviteiten. In oersjoch is te finen op de website fan Tryater. |
 | www.tryater.nl |
|
 |
12:00 - VROUW! |
 |
| Ljouwert, WTC Expo |
| De beurs Vrouw! begjint dalik om tolve oere yn it WTC expo yn Ljouwert. In nije look, workshops, moadeshows, alles wat froulju sa al nijsgjirrich fine, is op dizze beurs te besjen.
Hjoed iepen oant tsien oere en moarn en snein fan tsien oant seis oere. |
 | http://www.vrouw.wtcexpo.nl/ |
|
 |
14:00 - Waarme froulju |
 |
| Drachten, De Galerij |
| Yn eksposysjeromte De Galerij, yn Drachten is de útstalling 'Warme vrouwen (hete sferen)' te sjen.
Trije keunstners: Maria Jager, Regina van Oosten en Marijke Sjollema litte froulju sjen yn ferskate fasetten, en meitsje gebrûk fan kollaazje, film en ferve. De wurken binne te besjen fan woansdei oant en mei snein fan twa oant fiif oere. |
 | http://www.lawei.nl/ |
|
 |
15:00 - 'De bodemloze put' |
| Tsjerkgaast, Poppeteater Jan Doedel |
| Oant en mei 14 maart binne der alle sneon-, snein- en woansdeitemiddeis foarstellings yn poppeteater Jan Doedel yn Tsjerkgaast. Opfierd wurdt de famyljefoarstelling 'De bodemloze put'. De spyldata binne: sneon 6 maart, snein 7 maart, woansdei 10 maart, sneon 13 maart en snein 14 maart. Alle kearen om trije oere. Graach tillefoanysk reserveare op tillefoan nûmer 0514 - 531 562. |
|
 |
20:00 - Tournee Hylke Speerstra |
 |
| Fryslân, Wommels, De Jouwer, Frjentsjer, Wolvegea, Grou, Snits, De Gordyk, Burgum |
| Skriuwer Hylke Speerstra makket yn maart in tournee by acht bibleteken del. Ta gelegenheid fan syn nije boek (dat yn april ferskynt) hat hy in spesjaal program makke mei libbensferhalen fan emigranten. Data: 09/03 Wommels, 11/03 De Jouwer, 17/03 Frjentsjer, 18/03 Wolvegea, 23/03 Grou, 25/03 Snits, 26/03 De Gordyk, 31/03 Burgum (yn Wolvegea en op 'e Gordyk begjint it om 19.30 oere, op alle oare plakken om 20.00 oere) |
 | www.ontdekdebieb.nl |
|
 |
20:15 - Nationaal Ballet mei 'Concerto |
 |
| Ljouwert, Harmonie |
| It Nationaal Ballet stiet freed yn de Harmonie yn Ljouwert mei it programma 'Concerto'. Mei goreografyen fan Krzysztof Pastor, Hans van Manen en George Blanchine. Ien en oar wurdt live begelaat troch Holland Symfonia. |
 | www.harmonie.nl |  | www.het-ballet.nl |
|
 |
20:30 - 'De meisjes van Mussolini' |
 |
| Ljouwert, Harmonie |
| Fan 11 o/m 13 maart is Orkater yn de Harmonie yn Ljouwert te sjen mei 'De meisjes van Mussolini', in muzykteaterfoarstelling ynspirearre op it libben fan de trije Nederlânske suskes Leschan. As it trio Lescano wiene dizze suskes tige populêr yn it Itaalje fan de 30-er jierren. Doe't lykwols oan it ljocht kaam dat se Joadsk wiene, wie it yn ien klap ôfrûn mei har lukse stjerrebestean. |
 | www.harmonie.nl |  | www.orkater.nl |
|
 |
21:00 - 'We love the 80's' |
 |
| Snits, Bolwerk |
| Yn it Bolwerk yn Snits is jûn it 'We love the 80's'-feest.
Lekker dûnsje op de klassikers út de jierrren 80 lykas 'When the rain begins to fall' en 'Fame'.
De tagong is fergees en it begjint om njoggen oere. |
 | http://www.hetbolwerk.nl/ |
|
|